Let op: om deze website goed te kunnen gebruiken is het noodzakelijk om Cookies aan te zetten. Meer informatie...

De Reade Bwarre

romon

Tr. Riemersma

Prijs: € 27,50
Voorraad#stock_type# onbekend
Beschrijving

It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de 'Modderklauers', op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de 'Bwarristen' dy't de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de 'grutte ferneuker'. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol.
It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif. Riemersma doktere dy stavering út yn de tiid dat hy en oaren iveren foar fiergeande staveringsfernijing, dy't der yn 1980 by einsluten net kaam.
De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1993.

Productspecificaties
EAN : 9789089541727
Auteur(s) : Tr. Riemersma
Taal : Fries
Onderwerp : Literaire roman, novelle
Thema : Fictie: algemeen en literair
Reeks : Nije bibliotheek
Uitgever : TDE
Verschenen : April 2010
Uitvoering : Paperback
Conditie : Nieuw
Pagina's : 503
Afmetingen : 210 x 140 x 31 mm
Gewicht : 613 gram
Velden met een * zijn verplicht